Twa brânstichters oanholden

31 des 2009 - 13:33

Twa jonges binne woansdeitenacht oanhâlden foar brânstichting op de Melkkelder yn Dokkum. De 17-jierrige jonge út Boarnburgum en de 18-jierrige jonge út Beetstersweach soene dêr in boat yn de brân stutsen hawwe. De brânwacht koe de boat net mear rêde, allinne it frame is oerbleaun.

Yn de snie wiene farske fuotprinten te sjen. De twa jonges dy't noch op de Melkkelder wiene hiene deselde fuotprinten en binne oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)