Twa brannen yn Wolvegea

28 des 2008 - 14:35

De brânwacht fan Wolvegea hat sneontejûn twa kear yn aksje west. By in wenning oan de Grote Vuurvlinder stie in skoarstien yn 'e brân. In omstanner seach dit en warskôge de bewenners fan it hûs. De brânwacht hat it fjoer útmakke en de bewenners waarden opfongen by de buorlju.

Letter stie op de Markt in wenning fol reek troch in omfallen kears dy't op in taffeltsje op it balkon stie. De bewenster hie it fjoer sels al útmakke foar't de brânwacht by it hûs oankaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)