Twa boeken fan Homerus yn Frysk

20 nov 2004 - 14:51

Klaas Bruinsma út Drachten hat 24.000 regels út it Gryksk oerset yn it Frysk. Hy fertaalde de klassike boeken Odusseaia en Ilias fan Homerus. Foar him is it hast in libbenswurk dêr't er tsientallen jierren lyn al mei begûn.

Freedtejûn wurde de twa boeken offisjeel presintearre yn Teater Romein yn Ljouwert. Steven Sterk is de útjouwer fan de twa dielen fan Homerus. De foarried boeken is net sa grut, mar dat komt om't de doelgroep beheind is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)