Twa beswieren Friese Meren

05 des 2010 - 16:19

Der binne twa beswieren tsjin de fúzje fan Skarsterlân, Lemsterlân en Gaasterlân-Sleat. Dit wykein rûn de beswiertermyn ôf. Ien fan de beswieren is fan Hearrenfean. Dy gemeente driget allinnich oer te bliuwen, om't net ien fan de buorlju fusearje wol.

It oare beswier komt fan in boarger dy't tsjin is op grutte gemeenten en de namme fan de nije gemeente De Friese Meren. De fúzje fan de trije gemeenten soe op 1 jannewaris 2013 syn beslach krije moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)