Twa berôvings op It Fean

14 okt 2010 - 10:33

Twa ynwenners fan It Hearrenfean binne woansdeitejûn yn harren wenplak it slachtoffer wurden fan geweld. In 55-jierrige man waard by it NS-stasjon troch trije jonges benadere. Twa skopten de man en der waard besocht de man te berôvjen. It slachtoffer seach kâns om út te naaien en warskôge de plysje. Letter krige de plysje noch in melding dat in 19-jierrige Feanster út syn ynvalide-auto lutsen wie troch trije jonges. Se ha dêrby syn beurs ôfpakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)