Twa berne-opfangen Snits ticht

11 des 2006 - 12:11

De bernedeiferbliuwen Kids Only en de Kindertuin yn Snits wurde út it lanlik register berne-opfang skrast. Dat hat de rjochtbank bepaald. Hjirmei jout de rjochtbank de gemeente Snits gelyk. Dy woe de deiferbliuwen slute, om't se net oan de easken fan de GGD foldogge.

De Kindertuin giet no definityf ticht. Kids Only mei noch oant it heger berop iepen bliuwe, mar wurdt in saneamde wylde opfang. Dat hâldt yn dat se net mear erkend wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)