Twa bekeurings by ien kontrôle

27 jan 2011 - 14:34
  • Nije ferljochting is goedkeaper.............

In man út Bitgummole (41) hat woansdei twa bekeurings krigen by in kontrôle fan de plysje op fytsferljochting. De man ûntsnapte oan de kontrôle troch mei syn soantsje út te naaien. De plysje achterhelle him en joech him in bekeuring fan 40 euro foar it fytsen sûnder ljocht.

By it útskriuwen fan de bon joech de man in falske namme op, mar de plysje hie dit yn de gaten. Hjirfoar krige de man in bekeuring fan 180 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)