Twa auto's útbaarnd by autobrân yn Harns

11 okt 2015 - 13:46
  • Autobrân yn Harns

Twa auto's binne sneintemiddei útbaarnd op in parkearplak oan de Noorderkade yn Harns. In brommobyl fleach troch ûnkende oarsaak yn brân. Dêrnei sloech de brân oer nei de auto dêrneist.

De brânwacht hat de brân bestriden, mar beide auto's binne folslein ferlern gien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)