Twa auto's stellen yn Stiens

31 okt 2010 - 13:52

Ut in bedriuw oan de Truerderdyk yn Stiens binne freedtenacht twa auto's stellen. Doe't de dieven yn it bedriuw wiene, koene se de autokaaien fan in swarte Ford Fiësta, type 1.3, en fan in sjampanje kleurde Folkswein Transporter tdi bemachtigje, wêrnei't de auto's meinommen waarden.

De plysje ûndersiket de ynbraak. De eigner, in 44-jierrige ynwenner fan Stiens, hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)