Twa ABN-Amro banken ticht

07 mrt 2014 - 09:54
  • Jildautomaat ABN-Amro

ABN-Amro slút takom moanne syn kantoaren yn Boalsert en Stiens. Reden is de weromrinnende klandyzje. De measte minsken regelje de banksaken thús. Klanten fan it kantoar yn Boalsert kinne tenei te plak yn Snits, dy fan Stiens yn Ljouwert.

Op de lokaasjes dêr't it kantoar slút, komt wol in jildautomaat mei mear funksjes. Je kinne dêr ek jild stoarte. De automaten binne ek ekstra befeilige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)