TVM'ers fit foar kwalifikaasje

19 des 2013 - 14:48
  • Sven Kramer fan de TVM-ploech

De trije Fryske riders út de TVM-ploech binne yn foarm en sjogge út nei it Olympysk kwalifikaasjetoernoai. Dat begjint nije wike op twadde krystdei op Thialf. Dêr wurde de startbewizen foar de Olympyske Spelen yn Sotsji byinoar riden.

Sven Kramer rjochtet him op de 5 en 10 kilometer en de ploege-efterfolgingt. Ireen Wüst fielt har sterk, mar wit dat se flinke konkurrinsje hat. Douwe de Vries, de maraton- en langebaanrider, sil nije wike syn uterste bêst dwaan om in startbewiis foar syn earste Olympyske Spelen te fertsjinjen.

De KNSB hat woansdei de saneamde 'prestaasje-matriks' fêststeld, dêr't mei bepaald wurdt hokker riders meigean nei Sotsji. De folchoarder fan oanwizing is basearre op de grutste medaljekâns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)