TVM en VPZ winne IJsselcup

14 okt 2007 - 17:54
  • Erwin ten Hove, Tessa van Dijk, Wieteke Cramer en Jorien Voorhuis (foto Martin de Jong)

TVM en VPZ ha snein op de iisbaan De Scheg yn Deventer de IJsselcup wûn. TVM die dat by de manlju, VPZ by de froulju. De wedstriid wie de offisjele iepening fan it Nederlânske reedrydseizoen. It evenemint bestie út in ploechefterfolging foar maratonteams en langebaanhurdriders.

Foar TVM ried ûnder oare Sven Kramer fan It Hearrenfean, Wieteke Cramer - ek fan It Hearrenfean - die mei by VPZ.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)