Tûzenen supporters by lêste trainingen foar derby

31 okt 2015 - 11:30

Sa'n fiiftûzen supporters wiene sneontemoarn by de lêste training fan Cambuur as tarieding op de derby fan snein tsjin SC Hearrenfean. De sfear siet der goed yn, ynklusyf in berch fjoerwurk en reekbommen. By SC Hearrenfean kamen sa'n tûzen supporters nei sportpark Skoatterwâld op It Hearrenfean.

De wedstriid wurdt snein spile yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean en begjint om 14.30 oere. De wedstriid is streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân radio en om 18.00 oere is in wiidweidich ferslach te sjen yn Hjoed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)