Tûzenen sms-kes op Slachtedei

13 jun 2004 - 00:00

Tûzenen minsken hawwe sneon in sms-ke nei Omrop Fryslân stjoerd. Op it spesjaal iepenstelde nûmer kamen safolle sms-kes binnen dat it geheugen fan telefoan en de dêroan keppele bluetooth laptop geregeld oerstreamden. Der wiene fral in soad sms-kes fan bern dy't harren heiten, memmen, en pakes en beppes sterkte winskje woene. Mar ek in soad kuierders stjoerden in sms.

Sms'e is no net mear mooglik. Wol binne foto's wolkom op foto@omropfryslan.nl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)