Tûzenen slachtoffers oanslaggen

11 sep 2001 - 00:00

By de oanslaggen yn Amearika binne tûzenen slachtoffers fallen. It krekte tal is noch net bekend. Wol is dúdlik dat der hûnderten minsken swier ferbaarnd yn sikehuzen opnommen binne.

De oanslach is noch net opeaske. Tocht wurdt oan de Saudyske terrorist Bin Laden. De Israelyske Hamas ûntkent belutsenens by de ramp. Palestijnsk lieder Arafat feroardielet de oanslach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)