Tûzenen seestjerren op it strân fan Skylge

09 des 2014 - 22:28

Der binne tiisdei tûzenen seestjerren oanspield op it strân fan Skylge. Dat meldt boskwachter Joris Blankena fan Steatsboskbehear op Twitter. De seestjerren binne troch de hurde wyn los rekke fan de seeboaiem en dêrnei op it strân smiten. De bisten leine by peal 19.

Foar de seefûgels op it eilân wiene de seestjerren in maklike proai.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)