Tûzenen riders by Earnewâld

19 jan 2013 - 12:57
  • Soad parkearders by Earnewâld
  • Reedriders by Earnewâld
  • IIssurfer

De Jan Durkspoldertocht giet sneon net troch, mar dochs binne der likegoed in pear tûzen reedriders nei Earnewâld kaam om te riden. IIsklup Lyts Bigjin skat dat der tusken de 2500 en 3000 riders op it iis binne.

Lyts Bigjin hie sneon de familytoertocht hâlde wollen, mar krige gjin tastimming fan de iiswegesintrale út eangst dat de reedriders der te manmachtich op ôfkomme soene. Troch de drokte op it iis is is der by Earnewâld ek parkearoerlêst. Wa't ride wol, moat in ein rinne om by it iis te kommen.

Op de kop fan 'e Ofslútdyk by Koarnwertersân waard sneon op it iis syld. Surfers en iissyl-'boatsjes' wiene dêr te finen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)