Tûzenen minsken yn de fakânsje nei de Fryske musea

27 feb 2015 - 15:00

Rom 17.000 minsken hawwe dizze fakânsje in besite brocht oan ien fan de Fryske musea. Topper wie it Natuermuseum yn Ljouwert. Dêr kamen de ôfrûne wike 7000 besikers. De museumfederaasje Fryslân hie mei de oare musea wer bot ynset op pakes en beppes mei bern. Dy koene mei koarting of fergees nei binnen.

Takom jier wol de museumfederaasje sjen oft se de Fryske musea op dizze wize ek lanlik op de kaart sette kinne mei in ekstra kampanje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)