"Tûzenen meiwurkers Rabobank reitsje baan kwyt"

14 okt 2015 - 19:29
  • Rabobank

By de Rabobank moatte se drastysk saneare. It liket der op dat tûzenen bankmeiwurkers har baan kwytreitsje. Dat skriuwt it Finansjeel Deiblêd woansdei. Eksakte getallen binne der noch net, mar neffens de krante koe it yn de kommende fjouwer jier wol om 8000 minsken gean. Dat is hast ien op de fiif meiwurkers fan de bank. De fakbûnen hâlde der rekken mei dat it der noch wol mear wurde kinne.

Der binne twa redenen foar de besunigingsoperaasje. Oan de iene kant fertsjinnet de bank net genôch jild. De winst soe mei ien miljard euro yn it jier omheech moatte. Oan de oare kant hat de bank mooglik te min jild yn kas. Der komme nije kapitaaleasken oan en omdat de bank in koöperaasje is, is it dreech om nij kapitaal oan te lûken.

De leden fan de Rabobank moatte yn desimber stimme oer de plannen, dy't dus woansdei al yn it Finansjeel Deiblêd stiene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)