Tûzenen euro's kwyt by ynbraak

04 aug 2014 - 14:35
  • Restaurant Onder de Linden

By in ynbraak yn restaurant Onder de Linden yn Snits binne sneon tsientûzenen euro's stellen. It soe gean om de opbringst fan de earste dagen fan de Snitswike. Boppedat binne der persoanlike besittings meinaam. It jild is stellen út de klûs fan it restaurant wylst it restaurant gewoan iepen wie.

De plysje is dwaande mei in buertûndersyk, mar wol noch neat kwyt oer wat dat opsmiten hat. De eigeners fan Onder de Linden binne bot oandien troch wat der bard is. It restaurant is de kommende dagen wol gewoan iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)