Tûzenen dielnimmers Stoptober

28 okt 2014 - 16:03
  • Start lanlike kampanje Stoptober

De antysmook-kampanje Stoptober sit der hast op. Neffens de GGD binne sa'n 30.000 smokers begjin oktober ophâlden. Ien derfân wie de Ljouwerter-wethâlder Andries Ekhart. Earst smookte hy twa pakjes sjek op in dei. Yn oktober hold hy foar 28 dagen hielendal op mei smoken. Dit hat gjin grutte gefolgen foar him hân.

Nei eigen sizzen is Ekhart mar trije ûns oankaam en hat hy net faak in min sin hân. Ekhart is fan doel om net mear te begjinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)