Tûzenen banen fuort by Achmea

04 des 2013 - 07:37

Fersekerder Achmea skrast 4000 banen yn de kommende trije jier. By Achmea wurkje no noch 19.000 minsken. Earder waarden al 2500 banen skrast. Begjin dit jier waard oankundige dat der nochris 200 miljoen euro besunige wurde moat. Yn Ljouwert sit in grut kantoar fan Achmea en ek soarchfersekerder De Friesland is ûnderdiel fan Achmea.

Klanten dogge hieltyd mear saken fia ynternet en der wurde minder oanfoljende fersekerings ôfsletten. Klanten ferheegje ek it eigen risiko en dat smyt minder preemje-ynkomsten op.

Soarchfersekerder De Friesland seit dat der by dizze reorganisaasje gjin ûntslaggen by it bedriuw falle sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)