Tûzenen banen derby yn it Noarden troch SNN

29 des 2014 - 17:17
  • Website SNN

SNN (Samenwerkingsverband Noord-Nederland) is ien fan de grutte banemotors fan Noard-Nederlân. Troch de subsydzjes fan de ynstelling binne der 4000 banen bykommen yn de ôfrûne seis jier. SNN hat 169 miljoen euro oan Europeesk jild ferdield oer sa'n 5000 bedriuwen yn it Noarden fan it lân. Dit jild hat yn totaal 1,6 miljard euro oan ynvestearrings opsmiten.

Yn de takomst wol SNN benammen ynvestearje yn ynnovaasje en gearwurking. Kennisynstituten moatte yn kontakt brocht wurde mei bedriuwen.

Der komt de kommende jierren 122 miljoen fanút Brussel. Dat jild moat foar mear as in miljard oan ynvestearrings útlokke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)