Tûzen seeforellen útset yn de Lauwersmar

20 feb 2015 - 12:00

By Eanjum wurde freed 6 maart 1000 seeforellen útsetten yn de Lauwersmar. It útsetten fan de fisk is de offisjele start fan in grutter projekt om de seeforel werom te bringen. It plan wurdt stipe troch de provinsjes Fryslân en Grinslân, natoerorganisaasjes en de sportfiskfederaasjes.

De útset fan de forellen is foaral symboalysk. Om de soart werom te krijen wurde der saneamde smolts útsetten yn Drintske beken. Smolts binne hiele lytse seeforellen. Lykas de salm swimme forellen nei see om letter werom te kommen nei it plak dêr't se weikomme.

Sportfiskers meie graach op seeforel fiskje. De ferwachting is dan ek dat der in soad fiskers nei de Lauwersmar komme wannear't de fisk dêr aanst goed te fangen is. Wa't in seeforel fangt, is ferplichte om de fisk werom te setten, want it is ferbean om seeforel mei te nimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)