Tûzen minsken by stille tocht

23 feb 2013 - 22:36
  • Stille tocht Feansupporters
  • Stille tocht
  • Stille tocht
  • Stille tocht

In lytse tûzen supporters fan SC Hearrenfean ha meirûn yn in stille tocht nei it stadion. De groep woe mei de tocht witte litte dat se no wolris klear binne mei al it gedoch om de klup hinne. Se fine dat Hearrenfean pas wer goed prestearje kin as de 'oarloch' yn de media ophâldt.

De supporters sammelen har goed in oere foar de wedstryd op it gemeenteplein op It Hearrenfean. Dêrnei rûnen se mei fakkels, in krâns en in spandoek nei it stadion. Nei't de krâns by it byld fan Abe Lenstra dellein wie gie de groep it stadion yn foar de wedstryd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)