Tûzen jier âlde ring fûn

16 mrt 2009 - 21:00

De Lemster amateur-archeolooch Henk Batstra hat koartlyn in bysûndere ring fûn. Neffens saakkundigen fan it Fries Museum giet it nei alle gedachten om in ring út de Vikingtiid, dy´t dan sa´n 1000 jier âld wêze soe. De ring is boppedat ek nochris fan goud.

Batstra fûn de ring yn in fjild yn Gaasterlân. It krekte plak wol er geheim hâlde. Troch musea yn binnen- en bûtenlân is al belangstelling toand. Ek it Fries Museum wol de ring graach hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)