Tûzen húshâldens yn 'e kjeld

05 jan 2003 - 00:00

Yn 'e Ljouwerter wyk Camminghabuorren is sneintemiddei de stedsferwaarming útfallen. Sa'n tûzen húshâldens sieten in grut part fan de snein yn 'e kjeld en hiene gjin waarm wetter mear.

De steuring fûn plak om ien oere middeis yn it systeem dat de wetterdruk op peil hâlde moat. Om likernôch healwei alven jûns krige twatredde fan de wyk wer ferwaarming. De ynstallaasje is de hiele nacht mei de hân betsjinne om't der noch in kompjûterprobleem wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)