Tûzen hûnen mear yn Ljouwert

12 aug 2008 - 19:04

Der rinne yn de gemeente Ljouwert ûngefear tûzen hûnen mear om as de 5000 hûnen dy't offisjeel bekend binne. Op fersyk fan de ried is de gemeente dit jier begûn mei in yntensive kontrôle oft de Ljouwerters wol of net hûnebelesting betelje.

Troch it opspoaren fan de 'yllegale hûnen', ferwachtet de gemeente dit jier sa'n 50.000 euro ekstra hûnebelesting te krijen. Dêrfan sil 10.000 euro brûkt wurde foar it stranger kontrolearjen op it beteljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)