Tûzen beammen omwaaid

10 nov 2013 - 11:38

Ut ûndersyk docht bliken dat yn de gemeente Smellingerlân troch de hjerststoarm ein oktober goed tûzen beammen omfallen binne. Der stean noch in soad oerein dy't grutte skea hawwe en noch delhelle wurde moatte. Dat is nedich foar de feiligens. De gemeente hoecht foar it kappen gjin omjouwingsfergunning oan te freegjen.

Op 25 plakken binne troch omwaaide beammen kabels stikkenlutsen. De gemeente is de kommende wiken noch dwaande mei it oprêden fan beammen en it meitsjen fan stikkene riolearrings, kolken en bestrjitting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)