Tuxham Transport fallyt

04 apr 2003 - 00:00

Transportbedriuw Tuxham fan It Hearrenfean is troch de rjochtbank fan Ljouwert fallyt ferklearre. By it bedriuw wurkje 28 minsken. Tuxham is yn swierrichheden kommen neidat twa wichtige ferfierskontrakten net trochgiene.

Neffens kurator Roodhof falt net út te sluten dat der twongen ûntslaggen falle sille. Fierders sil er sjen oft in trochstart fan it transportbedriuw mooglik is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)