Tuxham fierder by Oenema

05 maaie 2003 - 00:00

Tuxham Expeditie op It Hearrenfean makket in trochstart. De ferfierder wurdt yntegrearre yn Oenema Beheer yn itselde plak. Fan de 29 wurkplakken wurde 14 behâlden. Oenema nimt trettjin frachtweinkombinaasjes oer.

Tuxham rekke yn swier waar troch sykte en de lytse, âlde húsfesting. It bedriuw krijt ûnderdak yn it sintrum fan Oenema op De Kavels oan de A32. Oenema hat mear as 250 meiwurkers yn tsjinst en santich kombinaasjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)