Tûvalûanen wolle nei It Fean

07 sep 2012 - 12:20

De gemeente Hearrenfean stelt 7500 euro beskikber foar in trainingskamp fan it nasjonale fuotbalalvetal fan Tûvalû. Foppe de Haan hat it alvetal ferline jier in moanne lang traind om harren ta te rieden op de Pacific Games. De fuotballers wolle no graach foar in toer nei Nederlân komme.

Neist It Hearrenfean geane se ek nei Venlo en Eindhoven. Op It Hearrenfean wolle de Tûvalûanen wedstriden spylje tsjin âld-Hearrenfean en VV Akkrum. De finansjele stipe is nedich foar de fleantickets, want dy binne djoer op Tûvalû.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)