Tútsjepop yn Wommels

14 feb 2005 - 07:36

De makkers fan de website tutsje.nl ha sneon de earste edysje fan Tútsjepop organisearre yn it Dielshûs yn Wommels. De site tutsje.nl stiet fol mei foto's fan jeugd út de greidhoeke dy't inoar op feestjes en yn kroegen en disko's tutet.

Sa wol de jeugd sjen litte dat it yn tiden fan terrorisme en drigings ek oars kin. De groep Linke Soep trede sneon op mei Tútsjepop. Der kamen goed 500 besikers op ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)