Tuskenstân SR no 3 miljoen

20 des 2013 - 20:33
  • De tuskenstân fan sneontejûn
  • Giel Beelen en Sophie Hilbrandt makken de tuskenstân bekend

De aksjes foar Serious Request hawwe oant no ta 3.054.689 euro opbrocht. Dat is sneontejûn bekend makke yn it glêzen hûs. De trije dj's fan 3FM sitte no trije dagen opsletten. Ferline jier wie der nei trije dagen sa'n 2,9 miljoen binnen.

Serious Request duorret noch oant en mei krystjûn. De folsleine opbringst giet nei projekten foar bern dy't stjerre troch diarree.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)