Turnsters wis fan OKT

08 okt 2011 - 14:33

De Nederlânske turnsters hawwe sneon op it wrâldkampioenskip yn Tokio in ticket pakt foar it Olympyske kwalifikaasjetoernoai (OKT). De ploech ûnder lieding fan de Fryske bûnscoach Gerben Wiersma waard trettjinde. In plak by de earste sechstjin wie needsaak.

Dat betsjut dat Nederlân begjin 2012 op it toernoai ien fan de lêste fjouwer plakken bemachtigje kin. Dat is in opstekker foar de turnsters, omdat se freed in matich optreden hiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)