Turnsters njoggende op WK

18 okt 2010 - 00:17

It Nederlânske frouljusteam hat ûnder lieding fan trainer Gerben Wiersma in topprestaasje delset op it WK turnjen. De ploech einige yn Rotterdam ferrassend as njoggende. De ploech helle dêrmei krekt net de finale, mar it wie wol de bêste prestaasje as team sûnt it WK fan 2001.

Céline van Gerner fan Turnsintrum Hearrenfean einige as 19e en pleatste har dêrmei foar de mearkampfinale. Mei Suzanna Harmes en Joy Goedkoop wie Hearrenfean hofleveransier foar it team.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)