Turnsters 16de op WK Anaheim

19 aug 2003 - 00:00

De Nederlânske frouljus turnploech mei Loes Linders en Berber van der Berg fan turnskoalle Hearrenfean is 16de wurden op it wrâldkampioenskip yn it Amerikaanske Anaheim. Troch dit teloarstellende resultaat is de ploech net kwalifisearre foar de Olympyske Spullen fan 2004 yn Athene.

Foar kwalifikaasje wie in plak by de earste tolve nedich. De Nederlânske ploech wie der fan útgien dat in plak by de earste tolve wol mooglik wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)