Turnster mooglik dochs nei OS

23 apr 2012 - 12:53
  • Celine van Gerner

Turnster Céline van Gerner fan turnskoalle Hearrenfean mei mooglik dochs nei de Olympyske Spelen (OS) yn Londen. Dat is it gefolch fan de útspraak fan de rjochter moandei yn de saak fan Van Gerner tsjin it turnbûn.

Van Gerner is it der net mei iens dat it turnbûn Wyomi Masela útkeazen hat. Neffens har is dat te gau bard. De rjochter jout har dêr gelyk yn. It turnbûn mei no pas in turnster oanwize nei it Europeesk kampioenskip en de wrâldbeker yn Gent, begjin juny.

De saak fan Van Gerner liket op dy fan Jeffrey Wammer tsjin Epke Zonderland, earder dit jier. Dêr fûn de rjochter ek dat it turnbûn Epke te gau oanwiisd hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)