Turnster Linders wint Spieth Cup

17 nov 2003 - 00:00

Turnster Loes Linders (15) fan de turnskoalle op It Hearrenfean hat de Spieth Cup wûn. It ynternasjonale toernoai om de Spieth Cup waard ôfrûne wykein hâlden yn Linz yn Eastenryk. Linders helle sa'n hege skoare dat se fierwei de bêste wie. Se helle goud op sprong en flier, sulver op de balke en brûns op de brêge.

Linders wie ferrast oer de resultaten. Se hie mear konkurrinsje ferwachte fan de turnsters út de Oekraïne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)