Turnjen is 'hot'

14 aug 2012 - 12:03
  • Turnje

It rint stoarm mei oanmeldings foar de ynternasjonale turnoplieding op It Hearrenfean. Foar de kommende seleksjewedstriden foar it distrikt Fryslân hawwe har de ôfrûne dagen safolle nije bern opjûn dat ekstra meiwurkers ynset wurde moatte. Neffens turncoach Tjalling van den Berg fan de turnskoalle is der dúdlik sprake fan in Epke en Céline-effekt.

Der komme ek in soad fragen út de hynstewrâld. Spesjaal foar dressueramazône Adelinde Cornelissen is in programma opset om har fit te krijen.

Guon sportbûnen hawwe turncoach Van den Berg útnoege om út te lizzen wat de mearwearde is fan soksoarte spesifike trainings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)