Turfrûte wurdt flink oanpakt

08 des 2009 - 16:42

Takom jier sil begûn wurde mei in ûndersyk nei hoe't de Turfrûte yngeand opknapt wurde moat. Doel is dat gruttere rekreaasjeskippen de rûte farre. Sadwaande komme der mear toeristen.

Allinnich de djipgong grutter meitsje en it oanpassen fan wâlskanten is net genôch. Der moatte foar de boatsjeminsken mear rekreaasjemooglikheden komme. It meitsjen fan in plan fan oanpak kostet 40.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)