Tupperwareparty oer respekt

01 maaie 2007 - 20:01
  • Efkes lyn hat Tumba ek in tentoanstelling hân mei de titel: "Wereldburger-Medeburger"

Antidiskriminaasjeorganisaasje Tûmba begjint mei Tupperware-eftige jûntsjes om mei de gewoane Fries yn gesprek te kommen oer foaroardielen.

Op skoallen prate Tûmba-meiwurkers in soad mei jongeren, mar mei de Tûmba-party wol de organisaasje ek mei âlders, buorlju, freonen en famylje yn gesprek reitsje oer respekt tusken kultueren. Mei filmfragmenten en spultsjes wurdt de diskusje yn it selskip op gong brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)