Tuorke werom op tsjerke Warkum

24 jan 2011 - 10:07

Yn Warkum wurdt tiisdei it tuorke op it dak fan de Gertudistsjerke weromset. It tuorke weaget mear as 10.000 kilo en der is dan ek in grutte kraan nedich om it werom te setten. It tuorke is de lêste tiid hielendal restaurearre. Der binne ûnder oaren nije leien en nij lead oanbrocht.

De restauraasje fan Gertudestsjerke yn Warkum is al in skoftsje geande. De restauraasje wie ûnder mear nedich, omdat it hout oantaast waard troch de bûnte kjifkrobbe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)