Tuorke Bonnehoskapel nei hôf

04 apr 2005 - 08:58

It tuorke fan de kapel fan it eardere Bonifatiussikehûs yn Ljouwert wurdt moandei oerbrocht nei it Rooms-Katolike begraafplak yn de stêd. De twa kilometer lange reis fan it âlde MCL-Noard nei it begraafplak wurdt makke mei in djiplader.

It tuorke hat sûnt 1935 op de kapel fan it 'Bonnehos' stien. It âlde sikehûs wurdt sloopt, mar foar it karakteristike tuorke fan de kapel is dus in nije bestimming fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)