Túnwedstriid yn T'diel

25 jun 2010 - 11:23

Wa't in tún hat en dêr in moaie beskriuwing fan makket, kin yn Tytsjerksteradiel in priis winne. De gemeente wol mei de túnwedstriid omtinken jaan oan it jier fan de biodiversiteit. It weromrinnen fan it tal ferskillende soarten planten en bisten yn tunen stiet dêrby sintraal.

Der binne prizen foar de meast ynspirearjende en ynformative túnbeskriuwings fan bern en folwoeksenen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)