Túnsintrum Wytmarsum jout krystbeammen wei

23 des 2015 - 12:34
  • Sa'n lytse 100 krystbeammen gean fergees fuort

Groencentrum Witmarsum jout woansdei in lytse 100 krystbeammen wei oan minsken dy't dy oars net keapje kinne. It túnsintrum kundige de aksje tiisdeitejûn oan op syn Facebookside en algau wie it berjocht mear as 600 kear dield en kamen de earste oanfragen foar in fergeze krystbeam binnen. Woansdeitemoarn giene de earste krystbeammen de doar út.

De aksje rint oant de krystdagen, mar op is op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)