Túnsintra ferkeapje minder

25 mrt 2013 - 16:26
  • Túnsintrum De Koning yn Reahel

Tunsintra hawwe lêst fan de kâlde seizoensstart. De kjeld makket dat it noch net echt waar is om yn de tún te wurkjen. Dêrtroch is it folle rêstiger yn de winkels as oars.

Ein maart leit de temperatuer noch altyd om it friespunt hinne. De kjeldrekôrs wurde dizze dagen krekt net brutsen, en dat wylst it maitiid is. Der binne minsken dy 't der sawat depressyf fan wurde en foar guon ûndernimmers betsjut it omsetferlies.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)