Tunneltsje Akkrum alweer leech

21 mrt 2008 - 07:46
  • de spoartunnel rûn fol wetter en moude (foto Alex Zwart)

It nije tunneltsje ûnder it spoar troch yn Akkrum giet yn 'e rin fan de dei wer iepen. It tunneltsje wie fol wetter rûn út it neistlizzende bergingsbassin. Troch in sko iepen te setten is it wetter no wer fuortrûn. In oannimmer is dwaande mei it skjinmeitsjen fan 'e dyk. Dêrnei kin de tunnel wer brûkt wurde.

Nei de Peaskedagen wurdt besjoen oft der maatregels komme moatte om foar te kommen dat de tunnel opnij folrint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)