Tunnelbuis akwadukt ôfsonken

11 apr 2007 - 14:30
  • Minister Van der Hoeven skrok fan it lûd fan de gong....

De tunnelbuis foar it akwadukt by de Galamadammen leit no sa goed as te plak. Woansdeitemoarn betiid waard in begjin makke mei it ôfsinken fan de buis der't skylk de auto's trochhinne ride moatte. Minister Van der Hoeven fan Ekonomyske Saken joech mei in slach op de gong it lêste setsje.

It akwadukt is takom jier klear. Oer twa wike moat it al mooglik wêze under it kanaal troch te rinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)