Tunnelbak by Wurdum is teplak

27 okt 2012 - 12:52
  • Heak

De tunnelbak ûnder it spoar by Wurdum leit teplak. De bak fan 2200 ton swier is ûnderdiel fan de oanlis fan de Heak om Ljouwert. It wie ien fan de dreechste bouprojekten binnen de Heak. It wurk moast allegear binnen twa dagen klear wêze om't it treinferkear net te lang stillizze mei. Dy treinen ride moandei wer. It ferkear rydt meikoarten troch de tunnel op goed sân meter ûnder de grûn.

Der is ek al begûn mei it twadde part fan de ûntsluting fan Wurdum. Dy tunnel ûnder de A32 troch slút oan op de nije tunnel ûnder it spoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)